Saaie museumsealen fernijd

01 apr 2010 - 14:49
  • Foto: Omrop Fryslân

It Natuurmuseum Fryslân hellet de sealen mei de tema's wetter en greide leech. Neffens it Ljouwerter museum kinne se de besikers net echt boeie. De beide temasealen binne fiif jier lyn ynrjochte. Yn plak dêrfan komme fuortendaliks fyftjin units mei elk in eigen ûnderwerp.

De nije ynrjochting moat ein dit jier klear wêze. By it museumwykein fan 10 en 11 april is der alfêst in foarpriuwke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)