Saai libben yn finzenis

19 nov 2003 - 00:00

Finzenen binne ûntefreden oer de aktiviteiten yn de gefangenis. It libben is saai; wykeins en jûns is der neat te dwaan. Se sitte te lang yn har sel en dogge te min aardige dingen.

Dat docht bliken út ûndersyk nei de tefredenheid ûnder 10.000 gefangenen. De Marwei en de Blokhúspoarte yn Ljouwert binne ek ûnderfrege. Neffens finzenen hat it ferbliuw yn de finzenis in minne ynfloed op in suksesfol weromkommen yn de maatskippij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)