Saableafhawwers yn mineur

20 des 2011 - 14:14

Fryske Saableafhawwers binne der oandien fan dat it automerk fallyt gien is. It Sweedske Saab sit al jierrenlang yn problemen. Twa jier ferlyn rêde it Nederlânske bedriuw Swedish Automobile it merk. De produksje waard lykwols al gau stillein fanwege jildgebrek. In oername troch twa Sineeske autobedriuwen rûn koartlyn op neat út. Foarige eigner General Motors woe net dat Saab yn Sineeske hannen kaam.

Yn Fryslân sitte twa Saabdealers, yn Ljouwert en De Lemmer. It is net bekend wat it fallisemint foar harren betsjut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)