Sûner iten foar bern op opfang

01 feb 2012 - 13:12

SKL Kinderopvang út Ljouwert wol dat de bern op de opfang sûner iten leare. De organisaasje begjint mei in nij belied. Bern krije tenei op trije fêste mominten op de dei iten en drinken. Fierder wurdt goed sûn iten oanbean, lykas griente en fruit en sa min mooglik sâlt en fet. Bern meie ek net mear traktearje. Der is earder besocht om traktaasjes sa sûn mooglik wêze te litten, mar dat slagge net. SKL Kinderopvang fangt 4.000 bern op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)