Sânsekken by Goaiïngaryp

08 des 2011 - 18:09
  • Underwetterdrone (argyffoto)

Wetterskip Fryslân hat oan de Ballingbuer by Goaiïngaryp in kade fersterke mei sânsekken om in pleats te beskermjen tsjin heech wetter. Goaiïngaryp is oant no ta it iennichste plak yn Fryslân dêr't it wetterskip yn aksje komme moast fanwege problemen mei heech wetter.

It wetter stiet yn Fryslân op dit stuit yn trochsneed sa'n tsien sintimeter heger as oars. Freed sil it wetter noch wat heger stean. Om al it wetter te ferwurkjen hat it wetterskip it Hooglandgemaal yn Starum ynskeakele om wetter nei de Iselmar te pompen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)