Sânprojekt mooglik nei Amelân

24 nov 2011 - 21:14

Steatssekretaris Atsma wol sjen oft it strân fan It Amelân mei in nije technyk opspuite wurde kin. Hy doelt dêrmei op de saneamde Zandmotor. Dat is in nije metoade om de kustline fan Nederlân feiliger te meitsjen. In grut projekt hjirmei is krekt klear.

Der is de ôfrûne moannen 21,5 miljoen kúb sân stoarten foar de kust tusken Kijkduin en Ter Heijde. It wetter fan de see soarget der foar dat it sân op it goede plak komt. By de Warkumerwaard is dit ek dien. It gie hjirby om goed 20.000 kúb sân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)