Sânfangers op Flylân

19 des 2011 - 11:37

Yn de dunen op Flylân stean sûnt koart op santjin plakken spesjale pipen om sân op te fangen. It giet om in ûndersyk fan it Buro foar Strân- en Dúnûndersyk. Dat wol witte wat it effekt is op de natuer fan it op grutte skaal opspuitsjen fan it strân troch Rykswettersteat.

Fraach is bygelyks oft der ekstra kalk yn de dunen bedarret en oft de struktuer fan it nije sân oars is. Fierders wurdt útsocht wat de gefolgen binne foar de planten yn de dunen. De resultaten wurde yn juny takom jier ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)