Rzasa foar ien wedstriid skorst

29 sep 2004 - 14:06

Hearrenfean-fuotballer Tomas Rzasa mei ien wedstriid net meidwaan fan 'e KNVB-tuchtkommisje. De linksback krige ôfrûne sneontejûn yn de útwedstriid fan Sportklup Hearrenfean tsjin PSV Eindhoven twa kear de giele kaart. Rzasa moast dêrtroch al foar it skoft nei de kant.

De Feansters ferlearen de wedstriid úteinlik mei 4-0. Troch de skorsing moat Rzasa snein de thúswedstriid tsjin ADO Den Haach misse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)