Ryptsjerk sjocht Oranje winnen

18 jun 2014 - 21:34

Sa'n 120 yn it oranje klaaide Ryptsjerksters hawwe woansdeitejûn yn har doarpshûs De Einekoer de wedstryd Australië-Nederlân folge. De Einekoer wie dêrmei ien fan de lokaasjes yn ús provinsje dêr't minsken byelkoar kamen foar de twadde wedstriid fan Oranje op it WK yn Brazilië.

Koene de Nederlânske spilers yn de earste helte de hege ferwachtings fan de Ryptsjerksters net wiermeitsje, yn de twadde helte slagge dat wol. De 3-2 winst foar Nederlân soarge foar in feeststimming yn it doarpshûs. It wie foar Nederlân de twadde oerwinning op it WK.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)