Rypstra eareboarger Hearrenfean

11 jan 2006 - 10:17

Frans Rijpstra út Hearrenfean is beneamd ta eareboarger fan de gemeente Hearrenfean. Dat barde tiisdei op de nijjiersresepsje fan de gemeente.

Rijpstra krijt de titel om't er him jierrenlang belangeleas ynset hat foar âlderen en swakkeren yn de mienskip. Ek is er dwaande mei it tsjingean fan diskriminaasje. Rijpstra is 80 jier en mei syn beneaming is er de seisentweintichste eareboarger fan de gemeente Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)