Rypster krijt pauslik lintsje

05 jan 2014 - 10:35
  • Peter Mulder fan Dronryp krige in pauslike ûnderskieding

Peter Mulder fan Dronryp hat in hege pauslike ûnderskieding krigen foar it wurk dat er de ôfrûne jierren ferset hat foar de katolike parochy. Mulder is direkteur fan de Sint Thomasskoalle yn Ljouwert en wie belutsen by de opset fan it Titus Brandsmamuseum yn Boalsert.

Hy hat ek in grut argyf oanlein fan kongregaasjes en kleasterlingen dy't dêr de lêste oardel ieu lid fan west hawwe. Foar al it wurk hat paus Franciscus him sneon de tsjerkelike ûnderskieding "Pro Ecclesia et Pontifice" jaan litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)