Rykswettersteat wurket oan asfalt by knooppunt Hearrenfean

13 nov 2015 - 15:15

De ôfrûne tiid barden der geregeld ûngelokken, it stik dyk by knooppunt Hearrenfean. Rykswettersteat krige ek ferskate klachten oer glêde diken by It Hearrenfean. Nei ûndersyk hat de dykbehearder besletten de dyk stroefer te meitsjen.

Rykswettersteat makket sneon it asfalt op knooppunt Hearrenfean stroefer. It wurk duorret de hiele dei. It ferkear dat oer de dyk moat, wurdt dêrom omlaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)