Steatsboskbehear wol graach nije blokhutte yn Sparjebird

04 des 2015 - 19:01
  • De âlde blokhutte yn de bosk fan Sparjebird
  • Boskwachter Roel Vriesema foar de blokhutte

Der moat in nije bestimming komme foar de âlde blokhutte yn 'e bosk fan Sparjebird by De Himrik. Neffens boskwachter Roel Vriesema is de hutte bot ferâldere en moat der de kommende jierren saneard wurde. Vriesema soe graach wolle dat der nijbou komt op it plak fan de blokhutte. Dat soe dan passe moatte yn de sfear fan fan it bosk, mar op it stuit is der net genôch jild foar in grutte ynvestearring.

Steatsboskbehear siket dêrom nei ûndernimmers dy't mooglikheden sjogge, bygelyks foar groepsarranzjementen of sportmooglikheden.

De blokhutte wurdt op dit stuit allinnich noch mar foar opslach brûkt. De hutte wurdt net mear ynset foar ekskurzjes en oare aktiviteiten, ek al omdat der asbest op it dak leit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)