Rykswettersteat telt fisken

26 nov 2007 - 20:26

Rykswettersteat wol witte hoefolle fisken der troch de slûzen fan de Ofslútdyk komme om't der nije spuislûzen komme. As in gefolch fan dit ûndersyk wurdt de betsjinning fan de nije slûzen mooglik oanpast of moat der in saneamde fisktrep komme.

Sonarapparatuer mjit hoe grut de fisken binne dy't troch de slûzen komme. Dêrneist wurde der ek noch fisken mei in net opfongen om te sjen om hokker soarten it giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)