Rykswettersteat set simmerpeil yn Iselmar 20 sm heger

07 sep 2015 - 18:51
  • De Iselmar by it Reaklif

It wetterpeil fan de Iselmar sil simmerdeis 20 sintimeter heger stean. Rykswettersteat wol mear wetter fêsthâlde yn de mar, sadat der genôch swiet wetter is foar droege perioaden. As it nedich blykt te wêzen, kin it simmerpeil sels mei 50 sintimeter ferhege wurde.

It wetterpeil bliuwt yn 'e winter foarearst gewoan sa't it no is. Der wurdt earst wol ûndersocht hokker effekten oft it beslút hat op it miljeu, de wetterfeiligens en de skipfeart. Rykswettersteat hâldt op 22 septimber yn Makkum in ynformaasjejûn oer de wetterpeilferheging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)