Rykswettersteat makket akwadukt

06 jan 2007 - 12:15

Rykswettersteat sil oare wike de skea oan it akwadukt by Grou werstelle. Freed yn de neimiddei-spits skampte in frachtwein mei in kraan it plafond fan it akwadukt. Dêrby waard in kabel stikkenlutsen. Dy kabel tsjinnet om brân yn it akwadukt te sinjalearjen.

Troch it ûngelok ûntstie in kop-sturtbotsing. Dêrby rekke net ien ferwûne. Ferkear kin no noch wol gewoan gebrûk meitsje fan it akwadukt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)