Rykswettersteat hellet brêge fuort nei oanfarring

06 nov 2014 - 20:20

Rykswettersteat hellet sneon de Borgbrug oer it Eemskanaal by de stêd Grins fuort. Woansdeitejûn farde in binnenfeartskip tsjin dizze brêge oan en dêrtroch is it beweechbere diel fan de brêge ûntset. De brêge kin net mear goed ticht. De skipfeart kin troch de oanfarring op dit stuit gjin gebrûk meitsje fan de farwei tusken De Lemmer en Delfsyl.

Ek automobilisten wurde dêrom omlaat. Rykswettersteat hopet dat it skipfeartferkear der yn de rin fan sneon wer del kin. Automobilisten moatte de kommende tiid omride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)