Rykstsjinst beslút oer pleats

27 feb 2013 - 10:51
  • De pleats yn Wyns foar de brân

De Rijksdienst Cultureel Erfgoed wol op koarte termyn beslute oft de ôfbaarnde pleats yn Wyns wer opboud wurde kin. Dizze wike ha twa manlju fan de tsjinst yn Wyns sjoen by de pleats. Se ha ek mei de eigener praat. De kop en de hals fan de pleats binne foar in grut part noch yntakt. De brân fan ferline wike is ûntstien yn de romp en dêr is ek de measte skea. As de pleats opnij opboud wurdt, dan is it mooglik dat de status fan ryksmonumint bestean bliuwt. Binnen twa wiken komt dêr mear dúdlikheid oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)