Ryksmuseum wint Bonnemapriis

11 okt 2013 - 18:04
  • De winners fan de earste Abe Bonnemapriis

De arsjitekten fan it Ryksmuseum hawwe freed de earste Abe Bonnemapriis wûn. Foarsitter Ed Nijpels oerlange de priis, dy't goed is foar in jildbedrach fan 50.000 euro, oan it Spaanske arsjitekteburo Antonio Cruz en Antonio Ortiz. Neffens de sjuery hawwe beide manlju alle stoarmen dy't it Amsterdamske museum de ôfrûne 12 jier te ferduorjen krige knap trochstien. It wie de earste kear dat de Abe Bonnemastifting de nije arsjitektuerpriis útrikte. Mei de priis wurde de ideeën fan arsjitekt Abe Bonnema yn eare holden.

De sjuery siket projekten fan útsûnderlik hege kwaliteit, dy't takomstige generaasjes ynspirearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)