Ryksjild foar huzen Appelskea

02 feb 2010 - 14:52
  • Easterwâlde krijt ek ryksjild foar in nijbouprojekt

De gemeente Eaststellingwerf hat fan it ministearje fan VROM goed seis ton subsydzje krigen foar twa wenningbouprojekten. It giet om in projekt yn Easterwâlde en ien yn Appelskea. Betingst is dat de projekten foar 1 juny fan dit jier begjinne.

It kolleezje fan B&W hat besletten dat de subsydzje nei de keapers fan apparteminten en wenningen yn beide projekten gean sil. Sy kinne maksimaal 7.500 euro krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)