Ryksjild foar akwadukt yn A6

15 jun 2011 - 10:20

Der komt in akwadukt yn de A6 ûnder de Skarster Rien troch. Minister Schultz van Haegen hat foar de oanlis 50 miljoen beskikber steld. It jild komt pas yn 2020 beskikber.

Provinsje en de gemeente Skarsterlân kinne mei de garânsje fan it ryksjild makliker foarfinansiering by de bank krije. Oer twa jier giet de rotonde by De Jouwer op 'e skeppe. De gemeente hopet de oanlis fan it akwadukt nei foaren te heljen om sa de nije dyk op it akwadukt oanslute te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)