Rykserkenning oantal behearstiftingen monumintesoach skrast

17 sep 2015 - 14:25
  • De Mariatsjerke yn Foudgum

It ministearje fan kultuer moat noch ris better sjen nei it skrassen fan rykserkenning fan in tal behearsstiftingen fan monuminten. Dat seit Earste Keamerlid Hindrik ten Hoeve fan de Onafhankelijke Senaatsfractie. Yn Fryslân wurde de stifting Alde Fryske Tsjerken en stifting De Fryske Mole rekke troch dit ryksbeslút.

Neffens Ten Hoeve liket it derop dat der allinnich sjoen is nei de gegevens op papier. Der soe net goed sjoen wêze nei de resultaten fan de stiftings.

De stiftings ha der lêst fan as se net mear troch it ryk erkend wurde, it is dan dreger om jild yn te sammeljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)