Ryksbudzjet jeugdsoarch op Skylge helte lytser

02 jul 2015 - 13:07

Gemeenten kinne takom jier rekkenje op feroarings yn jeugdsoarchjild. It tiidskrift Binnenlands Bestuur hat listjes opsteld fan ferliezers en winners. By de measten bliuwe de ferskillen lyts, mar guon krije folle minder.

Skylge is de grutste ferliezer. De gemeente krijt takom jier de helte fan wat se dit jier krije. Yn it listje fan gemeenten dy't mear krije, stiet ek in Waadeilân op nûmer 1. Skiermûntseach krijt tolve kear safolle as dit jier, fan 7000 nei 84.000 euro. Dantumadiel en Ferwerderadiel krije ek mear, mar net safolle as Skier.

Oant no ta wurdt it budzjet ferdield op basis fan foarskiednis. Gemeenten dêr't ynwenners in protte soarch tawiisd krigen, krije it jier dêrnei ek it measte jild.

Fan takom jier ôf wurdt it jild ferdield op basis fan 'objektive kritearia'. Dat hâldt yn dat mei sifers fêststeld wurdt hoefolle ferlet oft der is fan soarch yn in gemeente. Dêr krije se dan in fêst bedrach foar.

Sjoch hjir foar it artikel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)