Ryksamtners sille aksje fiere op de 'Tiseenschandestraat'

09 jun 2015 - 20:09
  • Plysje-auto's sammelje by it gerjochtsgebou foar in CAO-aksje

Ryksamtners sille nije wike tiisdei aksje fiere yn de foarm fan in wurkûnderbrekking en in optocht oer de Tesselschadestrjitte, dy't dan foar de gelegenheid omdoopt wurdt ta 'Tiseenschandestraat'. Der wurdt al sûnt maaie troch it hiele lân aksje fierd foar in nije CAO.

Yn Ljouwert giet it om amtners fan de dûane, belestingtsjinst, finzenissen, it Iepenbier Ministearje, rykswettersteat en it CJIB. De tocht einiget by de Aldehou, dêr't in manifestaasje hâlden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)