Ryk stiet boarch foar skipsbou

16 apr 2005 - 11:46

It Ryk stiet tenei yn foar de skipsbou, sa hat de ministerrie besletten. Dat makket it makliker om by de bank in liening te krijen foar de bou fan nije skippen. De finansiering is no lestich omdat banken net folle betrouwen hawwe yn de skipsbousektor.

De nije regeling jildt foar skippen dy't tusken de 3 en 100 miljoen euro kostje moatte. Yn Fryslân profitearret benammen skipswerf De Volharding yn Harns fan de nije regeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)