Ryk stekt miljoenen yn it behâld fan greidelânskip

30 nov 2015 - 12:17
  • "Plattelân yn Nederlân is ien grutte stedstún"

It Ryk makket in plan fan oanpak foar it behâld fan de greidefûgels en -lânskippen. It plan wurdt mei provinsjes, boere- en natuerorganisaasjes makke. De Ljouwerter hegeskoalle Van Hall Larenstein rjochtet in lektoraat oer greidefûgels yn en krijt der 200.000 euro foar.

It Ryk wol yn totaal tsientallen miljoenen euro's, foar in part Europeesk jild, yn it plan fan oanpak stekke. In part fan dat jild giet nei agrarysk natuerbehear.

Neffens steatssekretaris Martijn van Dam binne de typysk Nederlânske greidelânskippen mei kij, greidefûgels, pleatsen en mûnen fan grut belang en moat der alles oan dien wurde om de efterútgong in halt ta te roppen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)