'Ryk moat provinsjes stypje'

03 okt 2012 - 16:43

It ryk moat provinsjes stypje om jild út te jaan oan regionale projekten. Ek moatte der gjin regels bykomme dy't de regionale ekonomy minder stimulearje. Dat sei Johan Remkes by it IPO-kongres yn Ljouwert. Hy is kommissaris fan de keninginne yn Noard-Hollân. De provinsjes wolle ek ôf fan it ferplichte skatkistbankieren fan provinsjes en gemeenten by it ryk. Neffens Remkes is der in grut fertrouwensprobleem tusken Den Haach en de legere oerheden. It IPO is ynterprovinsjaal oerlis.

Om't de provinsje ferplichte wurdt om by it ryk te sparjen, rint it jierliks wol oardel prosint rinte mis. Op in spartegoed fan 800 miljoen euro bestjut dat al gau dat Fryslân elk jier 10 oant 12 miljoen euro minder sparret as wannear't de provinsje it jild op in bank sette soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)