'Ryk moat ôfspraken neikomme'

11 des 2002 - 00:00

Deputearre Steaten hâlde premier Balkenende oan de ôfspraken oer de Suderseeline. Fan 'e wike wie de CDA-er yn Grins en doe sei er dat der jild is foar de rappe trein nei it Noarden. Mar hy sei ek dat de diken yn it Noarden bot oan ferbettering ta binne. Dêrmei hat er ûndúdlikheid jûn.

Deputearre Van Klaveren wol de útspraak net útlizze as twivel by it kabinet. De oerheid moat him hâlde oan earder makke ôfpsraken oer it spoar, fynt er.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)