Ryk: kom mei plannen Waadfûns

29 jan 2006 - 13:05

It noarden moat gau mei konkrete plannen komme, dy't betelle wurde kinne út it Waadfûns. Dy oprop diene de ministers Dekker en Veerman sneon yn Ljouwert op in konferinsje oer it Waadgebiet.

Takom jier sil nei alle gedachten de gaswinning op it Waad begjinne. As kompinsaasje krijt it noarden in Waadfûns fan 800 miljoen euro. Minister Dekker wol dat it noarden ienriedich mei ien plan komt foar it Waadfûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)