Ryk jout hast sân miljoen euro foar fersterking Waadseediken

16 mrt 2016 - 23:00
  • Seedyk

De trije noardlike wetterskippen krije 6,9 miljoen euro foar dykfersterking. It Ryk wol dat de wetterskippen proeven dogge om ta fluggere en goedkeapere ferbettering fan de Waadseediken te kommen. Neffens de nije noarm fan it heechwetterbeskermingsprogramma (HWBP), moat in grut part fan de diken fan Harns oant de Dútske grins ferbettere wurde.

Bestjoerder Bé de Winter fan it Wetterskip Fryslân: "Ons programmateam heeft keihard gewerkt aan een gedegen plan, dit is met deze beschikking beloond door het Hoogwaterbeschermingsprogramma. We zijn erg blij dat we nu aan de slag kunnen, om samen te werken aan de waterveiligheid."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)