Ryk: gjin wynmûnen Ofslútdyk

31 mrt 2014 - 23:13

It Ryk wol gjin wynmûnen lâns de Ofslútdyk. De dyk wurdt net opnommen yn de gebieten der't wynenerzjy realisearre wurde kin. Dat stiet yn de struktuerfisy wynenerzjy fan it Ryk. Der bin alve plakken oanwiisd. Foar Fryslân giet it om in part fan de Iselmar. Dêr moat in part fan de mei it Ryk ôfprate 530 megawatt oan wynenerzjy realisearre wurde. De provinsjes ha dêroer ôfspraken makke yn it enerzjy-akkoart. Enerzjybedriuw Eneco hat ûnder oare plannen foar de pleatsing fan fyftich wynmûnen op de Ofslútdyk. De provinsje wol dit net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)