Ryk betellet dykreparaasje net

05 des 2007 - 16:39

De Fryske belestingbeteller liket no definityf op te draaien foar de reperaasje fan de beskermlaach fan de seedyk by Swarte Haan. Dy rekken fan 8 miljoen euro is al troch Wetterskip Fryslân betelle, mar dêr fine se dat Rykswettersteat ferantwurdlik is. Want it giet hjir net om normaal ûnderhâld.

It wetterskip woe Rykswettersteat foar de rjochter slepe, mar sjocht dêr no fan ôf, omdat de saak juridysk net sterk genôch wêze soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)