Ryk beleannet Weststellingwerf

30 nov 2010 - 14:35
  • Gemeentehûs Weststellingwerf yn Wolvegea

De gemeente Weststellingwerf krijt 55.000 euro ekstra fan it ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid foar it bystânsbudzjet. Neffens it ministearje hat de gemeente it jild fertsjinne, omdat in soad minsken mei in útkearing oan in baan holpen binne.

De gemeente docht it better as it lanlik trochsneed. Fierders sjocht de gemeente neffens it ministearje kritysk oft ien wol echt rjocht hat op in útkearing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)