Ryk akkoart mei Falcon-projekt

13 apr 2006 - 13:54

It ministearje fan Binnenlânske Saken is woansdei offisjeel akkoart gien mei it saneamde Falcon-projekt. Dat betsjut dat de provinsje jild belient mei oandielen fan enerzjybedriuw NUON yn ûnderpân.

De provinsje wol dy NUON-oandielen úteinlik ferkeapje, mar dat is oant no ta ferbean. Fia de Falcon-konstruksje kin de provinsje dochs profitearje fan it jild dat de oandielen úteinlik opsmite sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)