Ryk: 16 miljoen foar bus-cao

18 jun 2008 - 14:43
  • Deputearre Adema: bliid mei ekstra jild

De kâns is grut dat fan tongersdei ôf de steds- en streekbussen wer neffens de tsjinstregeling ride. Steatssiktaris Tineke_Huizinga hat woansdei 16 miljoen euro ekstra beskikber steld foar it busferfier. It jild is bedoeld om in ein te meitsjen oan de stakingsaksjes yn it busferfier.

Neffens fakbûn FNV Bondgenoten binne no de wurkjouwers oan set. As de ferfierders it genôch fine om yn te gean op de easken fan de bûnen, dan kinne de bussen wer ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)