Rydles foar Snitser plysjes

13 jun 2001 - 00:00

De Snitser plysje test syn personiel op it autoriden. Dat is nedich om't de plysjeminsken hieltyd faker allinne op paad moatte. Dan moatte se tagelyk ride en surveillearje.

Yn de oplieding wurdt net folle omtinken bestege oan it riden. In opfriskursus liket in goede oplossing. De ferwachting is dat 20 prosint fan de 120 plysjes nei de test op 'e nij op kursus moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)