Rydeksamens yn Snits en op It Hearrenfean gean middeis troch

05 jan 2016 - 11:41
  • CBR logo

De rydeksamens yn Snits en op It Hearrenfean gean tiisdeitemiddei wol troch. Yn Ljouwert wurdt fan oere oant oere besjoen oft der riden wurde kin. Dat meldt it CBR. Eksaminatoaren besjogge oft it ferantwurde is. Sij krije har ynformaasje fan de minsken fan de rydskoallen.

Rydskoallen litte eksamenkandidaten witte oft se tiisdei noch ôfride kinne of net. Moarns waarden de rydeksamens ôfsein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)