Rydbewizen ynnaam by Wurdum

18 feb 2013 - 10:26

De plysje hat sneintemiddei op de N32 by Wurdum fan fiif automobilisten it rydbewiis ynnaam omdat se fierste hurd rieden. Op de dyk mei net hurder as 70 kilometer yn 'e oere riden wurde. De trapearre hurdriders hiene 123 oant 129 kilometer op 'e teller te stean. De plysje kontrolearre mei in lasergun.

De rydbewizen binne opstjoerd nei de offisier fan justysje. Tsjin de bestjoerders is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)