Rydbewizen ynnaam

03 nov 2012 - 14:57
  • Plysje

De plysje hat freedtenacht op ferskate plakken rydbewizen ynnaam foar te hurd of dronken riden. Yn Skarsterbrêge en op De Jouwer ried in 52-jierrige Ljouwerter it dûbelde fan wat tastien is. Hy krige in bekeuring en moast it rydbewiis ynleverje.

Foar it riden mei drank op waard yn Ljouwert in 31-jierrige man út dat plak bekeurd. Yn Eanjum kaam in 22-jierrige man út Nes itselde oer. Beide manlju krigen in proses-ferbaal en moasten it rydbewiis ynleverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)