Rydbewizen yn beslach naam

13 aug 2012 - 11:15

De plysje hat sneintejûn en sneitennacht fjouwer rydbewizen yn beslach naam. Trije automobilisten rieden fierste hurd en ien bestjoerder hie tefolle drank op. De snelheidskontrôles wiene op de Ofslútdyk, de Oeriselsewei by Ljouwert en de rûnwei fan Snits.

In 23-jierrige man út Eibergen en twa Ljouwerters fan 25 en 28 jier rieden te hurd. De 28-jierrige Ljouwerter ried sels 73 kilometer te hurd by Snits. In 29-jierrige bestjoerder út Nijemardum waard yn Rûgehuzen trapearre mei drank op achter it stjoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)