Rydbewizen kwyt by It Fean

18 maaie 2014 - 10:29

By in snelheidskontrôle op it klaverblêd by It Hearrenfean binne sneontemiddei de rydbewizen ynnaam fan twa sjauffeurs dy't fierstente hurd riden. In 24-jierrige frou út Drachten ried 167 en in 52-jierrige Amsterdammer hie 154 op de teller wêr't se mar 100 mochten. Se hawwe in bekeuring krigen en koene it rydbewiis ynleverje.

De plysje kontrolearret geregeld by it klaverblêd. Fanwege al it yn- en útfoegjend ferkear leit de maksimumsnelheid hjir op 100 kilometer yn 'e oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)