Rydbewizen hurdriders ynnaam

21 des 2011 - 11:14

De plysje hat tiisdeitejûn op trije plakken yn 'e provinsje it rydbewiis ynnaam fan automobilisten foar fierste hurd riden. In 26-jierrige ynwenner fan Warns hie op de A7 by Snits hast twa kear safolle op 'e teller stean as dat mocht.

In 27-jierrige Ljouwerter ried te hurd op de autodyk by Goutum, Hy ried 120, wylst dêr 70 tastien is. De lêste hurdrider waard op itselde plak pakt. Hy hie 137 kilometer op 'e teller.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)