Rydbewizen fan rappe motorriders ynnaam

13 apr 2015 - 08:19
  • Motorplysje

It ferkearsfeiligensteam fan de plysje hat sneintemiddei yn Heech en omkriten de rydbewizen fan fjouwer motorriders ynnaam. De motorriders rieden neffens de plysje mear as 50 kilometer te hurd. Neffens de plysje wie it dit wykein fanwege it moaie waar drok mei motors op de Fryske diken. De plysje hat dêrom spesjaal tafersjoch hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)