Rydbewiis weipiraat ynnaam

12 okt 2007 - 10:58

De plysje hat tongersdei op de grutte dyk by de Lemmer in man út Werkendam oanhâlden omdat er fierstente hurd ried. De plysjes sieten sels ek yn de auto en achterfolgden de man. Se moasten somtiden 190 ride om him by te hâlden. De man ried geregeld ûnnedich links, siet oare auto's op de bumper en ried oer in ferdriuwingsflak hinne.

Uteinlik ha de plysjes him by de Lemmer oan de kant set. Syn rydbewiis is ynnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)