Rydbewiis Ooms weromfûn

31 okt 2006 - 16:24

It rydbewiis fan de fermoarde Marinus Ooms út Haulerwyk is weromfûn oan de Wâldwei by Ljouwert. It dokumint lei by in pechparkearplak tusken de Werpsterhoeke en de ôfslach Ljouwert- Drachtsterplein, Wergea.

It rydbewiis waard de deis foardat Ooms syn lichem fûn waard oantroffen. De saak komt tiisdeitejûn yn Plysjepost en Opsporing Verzocht. Fierders is Ooms syn stellen jildkistje ek noch net werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)