Rydbewiis Ljouwerter ynnaam

29 jun 2008 - 13:27

De plysje hat sneontenacht it rydbewiis fan in automobilist (21) út Ljouwert ynnaam. De man waard op it terrein fan it WTC Expo yn syn wenplak betrape mei mar ien ljocht oan. Dêrnei ried er hast de plysje oan dy't him in stopteken joech.

Nei in achterfolging koe de man dochs oanhâlden wurde. It die bliken dat er fierstente folle dronken hie. Dêrom moast er syn rydbewiis ynleverje. Fanwege de oare oertredings waard der ek proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)