Rydbewiis kwyt troch drank

29 des 2010 - 11:21

Twa Boalserter automobilisten hawwe tiisdei nei kontrôle fan de plysje har rydbewiis ynleverje moatten. Beide manlju hiene tefolle dronken. In 30-jierrige man waard tiisdeitenacht by Snits oan de kant set. Nei in blaastest die bliken dat er fjouwer kear tefolle dronken hie.

In 62-jierrige Boalserter waard earder op de jûn al oanhâlden. Hy hie mar leafst fiif kear tefolle dronken. Beide bestjoerders krigen ek in rydferbod en in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)