Rydbewiis kwyt troch drank

19 apr 2010 - 10:08

Twa automobilisten binne har rydbewiis kwytrekke om't se mei te folle drank op achter it stjoer sieten. Snein krige de plysje in melding fan in slingerjende automobilist op de Marshallwei yn Ljouwert. It gie om in 91-jierrige man út Ljouwert. De man reageerre earst net op it stopteken fan de plysje, mar úteinlik wol.

Letter waard in Dronrypster (57) yn syn wenplak fan de dyk helle. Ek hy negearre earst it stopteken. De plysje koe him oanhâlde doe't er thúskaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)