Rydbewiis kwyt op Skylge

14 maaie 2014 - 10:08
  • Rydbewiis

In 20-jierrige automobilist út Amsterdam is tiisdeitenacht syn rydbewiis kwytrekke om't er op Skylge mei drank op achter it stjoer stapt wie. De man ried op de Haadwei yn de rjochting fan Midslân en rekke yn in flauwe bocht fan de dyk. De man botste mei syn auto tsjin in lantearnepeal. Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat de man tefolle dronken hie. De auto is total-loss rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)