Rydbewiis kwyt nei blaastest

29 sep 2009 - 10:02

In 25-jierrige man sûnder fêst wenplak hat moandeitenacht yn Ljouwert syn rydbewiis ynleverje moatten. Hy ried mei drank op, feroarsake in ûngelok en ried dêrnei troch.

In tsjûge joech troch om watfoar auto it gie en de plysje fûn de man úteinlik yn syn skansearre auto yn de Coopmansstrjitte. Nei in blaastest krige er in rydferbod fan seis oeren en moast er syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)